Frysk Folksliet

Frysk bloed tsjoch op!
wol nou ris brûze en siede,
En buonzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it
Bêste lân fan d’ierde,
It fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier in it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun! 

Ompolske fan it hege sâte wetter,
Fortroppe op in terp of stins,
Hien d’alde Friezen yn de wrâld net
Har lân en frijdom wie har winsk,
Klink dan en daverje fier in it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Fij fan it jok fan stege, frjiemde hearen,
Faek earm ek, mar dochs sterk en frij,
Stie d’alde Fries stâfêst by syn menearen,
Hy wie in Fries, as Fries stoar hy,
Klink dan en daverje fier in it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun! 

Troch waer en wyn, tsjin need en dea to striden,
Mei’t gleone swurd yn d’izeren hân, 

Wie wille yn dy fromme, stoere tiden,
Wie ‘t foar de frijdom fan har Lân
Klink dan en daverje fier in it roun,
​Dyn âlde eare, o Fryske groun!